18 November o/m 1 December 2024
Jens Huls: Saksenpeerd
Residinsje
Keunsthûs SYB is der tige wiis mei Saksenpeerd oan te kundigjen, in ûndersyksresidinsje fan keunstner Jens Huls dy’t plakfynt fan 18 novimber oant en mei 1 desimber 2024. It ûndersyk by SYB is in part fan it program Artist in Space op oanstean fan de Noordenaars.
Yn de residinsje by SYB ûndersiket Huls de tipelsinnichheden fan húslikheid (mei skaaimerken fan priveeromten, famylje en taal) en de ynfloed fan autoritêrens (systemen of praktiken fan kontrôle en macht) op identiteitsfoarming. De keunstner ferdjippet him yn âlde publikaaskes út ’e jierren ’30 oangeande twatalige regionale identiteit. Huls rjochtet him benammen op it tydskrift Saxo-Frisia, om ’e twa moanne publisearre ûnder lieding fan germanist J.M.N. Kapteyn (1870-1949) oan ’e Ryksuniversiteit Grins. It doel fan it tydskrift wie it befoarderjen fan de kennis fan de Saksysk-Fryske kriten – harren lânskippen, skiednis, taal en literatuer, folkloare en mienskip, mar it blêd rekke yn de Twadde Wrâldoarloch by einsluten ferbûn oan de SS. Hoe koe in ynteresse yn regionale talen fan marzjinale betsjutting in middel ta ûnderdrukking wurde? By SYB makket Huls in fiktive rekonstruksje fan de earste Saxo-Frisia gearkomsten, dêr’t twa yn 1941 op ’e Sweach fan plakfûnen.
De residinsje by SYB foarmet in ferdjipping fan it rinnende, ienjierrige ûndersyk fan Huls mei de titel “Vjens” (Vriezenveens of Vjens), dat giet oer kwestjes fan regionalisme, (auto)biografy en (dis)identifikaasje mei help fan dialekten fan it Leechsaksysk yn Twinte. Troch it regionalisme te brûken as in net-normatyf en ûneigen blok, reflektearret “Vjens” op harren bysûndere famylje skiednis, biografy, marginalisearring, fiksje en mytology. It doel is om materiaal op te bouwen foar in kommende publikaasje yn de foarm fan in meartalige blomlêzing.
Oer de keunstner
It wurk fan keunstner Jens Huls (Vriezenveen, 2000) kriget stal as (fiksjonele) essays, teksten, multymediale ynstallaasjes en performances dy’t normativiteit, (de)identifikaasje, (auto)biografy en fiksje ferkenne. Syn artistike praktyk siket om in krityske oanpak ta ûnsichtbere machtsstruktueren: hoe foarmet identiteit publike en private romten, en oarsom? Dêr spylje mienskip, mienskiplikens, ferset en ôfwikend wêzen in sintrale rol yn. Troch langduorjend gearwurkjen kriget Jens de rol op fan ferteller, mei de fokus boppedat op legenden, mythen en de oantinkens fan oanwêzige mienskippen.
Jens behelle syn Bachelor of Fine Arts oan de Akademy Minerva yn Grins yn 2023. Resinte wurken fan Jens binne Helsche Boosheit, MONSTER ARCHIEF (Grins, NL), Cruise, Het Resort (Grins, NL), en edukaasje te Grins (Academie Minerva). Jens wennet en wurket yn Grins.
Noordenaars en Artist in Space
Noordenaars is in platfoarm foar presintaasje-ynstellings en keunstinisjativen yn Noard-Nederlân. Yn 2024 organisearre de Noordenaars fjouwer nije trajekten om de artistike en profesjonele praktyk fan byldzjend keunstners mei gâns ûnthjit (fan begjinnend oant justjes fierder) oan te trúnjen. In Artist in Space-trajekt set oan ta nij wurk dat in betsjuttende bydrage leverje kin oan de hjoeddeistige keunst yn Nederland. Yn trajekten dy’t in jier duorje sille keunstners út ’e eigen ûntwikkelfraach gearwurkje mei keunstpoadiums yn Fryslân, Drinte en Grinslân en mei oare gearwurkingspartners yn en bûten de keunst. Yn it trajekt meitsje hja nij wurk, dat oan ’e ein fan it trajekt presintearre wurdt op in wize dy’t past by de wurkwize fan de keunstner. Keunstners meitsje yn it oanpaste trajekt gebrûk fan kennis, ekspertize en fasiliteiten fan de Noordenaars.
It trajekt Veld is foar byldzjend keunstners dy’t in ûntwikkelfraach hawwe, dêr’t hja in gearwurking foar oangean wolle bûten it keunstfjild. Dat kin mei fan alles wêze, bygelyks mei in soarchynstelling, in feriening foar folksgebrûken, in ûndersyksynstitút of natuerorganisaasje. Veld ferbynt it artistike fjild oan oare fjilden en trunet net-hiërargyske gearwurking oan.