25 March o/m 9 May 2020

Anna Hoetjes – Spectra

9 maaie | besite op ôfspraak

Anna Hoetjes - Spectra (Portret van Astronomen Annie Jump Cannon en Henrietta Leavit gezien door een spectroscoop. Projectie op papier), 2020

De kommende wiken ferbliuwt byldzjend keunstneresse Anna Hoetjes (1984, Amsterdam) yn Keunsthûs SYB. Keunsthûs SYB is op dit stuit net tagonklik foar publyk, mar wol keunstners noch wol de gelegenheid biede harren wurk fierder te ûntwikkeljen. 

It resultaat fan har wurkperioade is te sjen op sneon 9 maaie op ôfspraak (2 besikers per heal oere). Om in tiid te reservearjen kinne jo in e-mail stjoere nei info@kunsthuissyb.nl.

Yn de tiid fan har residinsje yn Keunsthûs SYB wol Anna Hoetjes yngean op de rol fan de frou yn de skiednis fan de romtefeart en astronomy. Yn har projekt Spectra docht hja histoarysk ûndersyk nei in tal markante froulike astronomen dy’t oan ’e ein fan de 19de iuw in krúsjale rol spile hawwe  yn de ûntjouwing fan de spektroskopy. Dat is in technyk dêr’t it ljocht út it hielal by opbrutsen wurdt en mei help fan it kleurespektrum de gemyske substânsje fan de ljochtboarne analysearre wurdt. Sy wol yn petear gean mei froulike saakkundigen út it fjild en sa in fiktive wrâld foarmjaan, dêr’t de froulike astronomen út it ferline yn ôfreizge binne nei fiere ekso-planeten. Dêrwei stjoere hja ljochtsinjnalen nei de avansearre romtefeartapparatuer fan hjoed-de-dei.

Sy sil it ûndersyk omsette nei ferskate semy-fiktive ynstruminten, dy’t brûkt wurde om dy sinjalen op te heinen en sels bylden te generearjen. Sa wol se yn SYB sels in spektroskoop bouwe; in apparaat dêr’t stoffen mei ûndersocht wurde oan ’e hân fan harren spektrum. Se sil ek portretten fan wichtige froulike astronomen troch ûnderskate optyske ynstruminten stjoere, en analoge eksperiminten útfiere, om sa de ûnfolsleine represintaasje dy’t dy wittenskippers yn ús kollektive kennis ynnimme, yn bylden oer te setten.

Anna Hoetjes is byldzjend keunstneresse en filmmakster. Har wurk lûkt parallellen tusken filmskiednis út it begjin fan de 20e iuw en technologyske ûntjouwings hjoed-de-dei. Sy is ynteressearre yn de wize wêrop’t minsken sjogge en sjoen wurde yn in technologysk mediearre wrâld. Hoe beynfloedet it ferline hoe’t wy hjoed-de-dei nei ússels en technology sjogge? Hoetjes ûndersiket dy fragen yn performances, koarte fiksjefilms, fideo-ynstallaasjes en lêzings. Sa spint hja in web fan assosjaasjes tusken wittenskip, skiednis en fantasij. In ‘web’ dêr’t de rol fan de frou foar har hieltyd wichtiger yn oan it wurden is.