7 April o/m 5 May 2022

Charlotte Eta Mumm: Grund (deel 1)

Residinsje

Keunsthûs SYB ferwolkommet Charlotte Eta Mumm. Sy sette mei it earste part fan har residisje ‘Grund’ út ein op 7 april en ferbliuwt o/m 5 maaie yn SYB om ferskate soarten Fryske grûn te ûndersykjen en te sammeljen.

Op 18 july komt hja foar fjirtjin dagen werom om te wurkjen oan de lêste faze fan har ûndersyk, it hifkjen fan de ûnderwilens makke keramyske glazueren.

Charlotte wurket mei ûnderskate media en materialen, en giet yn op harren feroarlikens en taastberens. It is har net te dwaan om it materiaal op himsels, mar om de transformaasje en de entiteit dy’t it materiaal hat. It is foar har essinsjeel om op in fysike, ynteraktive wize te ûndersykjen, meidat de essinsje fan dingen/materialen en har yntuïtive oanpak yn it proses yn dialooch gean mei har tinzen.

Yn de tiid fan har residinsje yn Beetstersweach docht hja fjildwurk om ferskillende soarten fan Fryske grûn (Grund) te sammeljen. Tink dêrby oan boaiemtekstueren lykas sân, liem, lânbougrûn en fean. Dêrby sil ha de neiste omkriten fan ’e Sweach ferkenne om sa yn ’e kunde te kommen mei dy regio.

De wurden ‘Grund’ en ‘reason’ sille in tinkline foaremje yn it wurkproses. It Dútske wurd ‘Grund’ betsjut net allinnich boaiem of grûn, mar ek; reden, motyf, fûnemint en oarsaak. It freget nei it wêrom, en siket nei in djippere betsjutting of redenearring. Rede (reason yn it Ingelsk), oan ’e oare kant, ûntjout him yn ferskate betsjuttings, fariearjend fan rasjonaliteit, argumint ta oarsaak.

De sammele ierde brûkt hja om keramysk glazuer fan te meitsjen. It omsetten út de iene boarne yn in oare soarte fan stof ynteressearret har tige. Eltse grûnsoarte sil by it stoken en sintearjen ta in eigen estetyske útstrieling lieden. Op dy wize sil it glazuer in ferhaal fertelle oer wêr’t it wei komt, mar op in autonome en poëtyske wize.

Njonken it fjildwurk wol hja by SYB wurkje oan it ûntwikkeljen fan reliëfbylden en romtlike sketsen yn klaai. Dêrby stiet hja iepen foar it wurkproses en de yndrukken fan har ferbliuw yn Fryslân.

Yn de tiid fan de residinsje fan Charlotte is Keunsthûs SYB sneons en sneins iepen fan 13:00 – 17:00 oere, ûnder foarbehâld fan de maatregels oangeande it koroanafirus.

Oer de keunstner:
Charlotte Eta Mumm wennet en wurket yn Amsterdam. Sy studearre Byldzjende Keunst by Prof. Urs Lüthi oan de Kunsthochschule Kassel yn Dútslân fan 2000 oant 2008 en studearre yn it bûtenlân oan it Sichuan Fine Arts Institute yn Chongqing, Sina. Har wurk waard tentoansteld yn Dútslân en dêrbûten, lykas: Galerie Tanit yn München, Städtische Galerie Nordhorn, Kasseler Kunstverein, Eduardo Secci Contemporary yn Florence, Galerie Rolando Anselmi in Berlijn.

Sy krige û.o. in beurs foar it Europeeske projekt ‘The Spur’ by Sputnik Oz yn Bratislava (Slowakije), in Saari Residency-beurs fan de Kone Foundation (Finlân), en in wurkbeurs fan it Ministearje fan Kultuer fan Nedersaksen (Dútslân). Yn 2018 krige hja de Werkstattpreis fan de Art Foundation Erich Hauser yn Rottweil (Dútslân), en yn 2019 in Sundaymorning@EKWC-wurkbeurs (Nederlân). Koartlyn waard hja útnûge troch de Josef & Anni Albers Foundation om diel te nimmen oan harren residinsjeprogram ‘Thread’ yn Sinthian, Senegal.

Oproep
Charlotte kriget graach tips foar plakken mei in nijsgjirrige boaiem yn ’e omkriten fan Beetstersweach en rûnom yn Fryslân. Jo kinne kontakt mei har opnimme fia mummcharlotte@gmail.com of in e-mail stjoere nei info@kunsthuissyb.nl.