COLLECTIVE

Iepen Oprop: kapdatum 17 maart 2021

Bisto al in jiermannich oan it wurk as byldzjend keunstner yn it noarden fan  Nederlân, en hasto ferlet fan in good old wurkbesprek, it útwikseljen fan ideeën en it útwreidzjen fan dyn netwurk? Doch dan mei oan COLLECTIVE, organisearre troch Keunsthûs SYB (Beetstersweach) en Keunstinisjatyf VHDG (Ljouwert).

Foar wa: profesjonele byldzjend keunstners, skriuwers en/of keunstkritisy yn Noard-Nederlân.
Fuort nei it inschrijfformulier (ynskriuwformulier)
Kapdatum: 17 maart 2021
Wat: 8 wyklikse gearkomsten fan 2 oant 3 oeren
Wêr: online
Wannear: Kapdatum 17 maart om 17.00 oere; it program set op 6 april út ein.
Taal: Ingelsk en/of Nederlânsk
Fergoeding: alle dielnmmers ûntfange in fergoeding fan € 300,-  ynkl. BTW foar dielnimmen, skriuwers ûntfangen in ekstra fergoeding fan € 200,- ynkl. BTW foar de te skriuwen tekst.

COLLECTIVE bestiet út in rige online gearkomsten, dêr’tsto in lytse groep oare keunstners yn  moetest. Ûnder de online sessys sikesto mei sin om nije perspektiven op dyn wurk en beropspraktyk. By elke wyklikse sessy mei dyn kollektyf dielt ien fan de leden syn/har wurk, om it dêrnei te bepraten yn de groep. Oan elke groep wurdt ek in keunstkritikus of skriuwer keppele, dy’t dielnimt oan de presintaasjes en besprekken en oan ’e ein fan de rige in artikel of essee skriuwt oer it wurk fan de dielnimmers en de besprutsen tema’s.

Alle kollektiven moetsje inoar yn in start- en eingearkomste: dyn eigen groep sjochst alle wiken. Foar de wurkbesprekken wurdt gebrûk makke fan in yn it foar fêststeld feedback format, dat yntrodusearre wurdt yn de startgearkomste. De metoade is derop rjochte om dielnimmers romte te jaan om harren wurk te presintearjen en om alle dielnimmers yn it proses mei diele en leare te litten.

Der is plak foar maksimaal 20 keunstners en 5 skriuwers. Meld dy oan troch it neikommende formulier yn te foljen: https://forms.gle/Jf79YgWhTTFu6tg69. VHDG en SYB selektearje de dielnimmers op basis fan harren motivaasje. Yn de wike fan 24 maart ûntfangst berjocht oer dielname oan it program, op tiisdei 6 april is de start-meeting fan 10:00 – 12:00 oere.

VHDG en Keunsthûs SYB organisearje it projekt yn it ramt fan Artist in Space (de Noordenaars), om keunstners de kâns te jaan harren netwurk te fergrutsjen en harren praktyk te ferdjipjen en te ûntwikkeljen. COLLECTIVE wurdt mooglik makke troch We The North en it Mondriaan Fonds.