Elke edysje fan de Sybren Hellinga Keunstpriis bringt nije stimmen nei Beetstersweach. In groep opkommende keunstners mei hiel ferskillende achtergrûnen en wurkwizen komt hjir byinoar en sa krijst as besiker in dwerstrochsneed te sjen fan de keunst fan no. De keunstners fan dizze tsiende edysje groeiden op yn Drinte, Ekwador, Denemarken, Frankryk en Syrië en studearren yn Grins, Den Haach, Amsterdam en Den Bosch. Sûnt de lêste edysje fan de priis, trije jier lyn, is der in soad feroare yn de maatskippij, de polityk en de ynternasjonale kontekst. Dat is eksplisyt te fernimmen yn alle keunstwurken, benammen yn de wize wêrop’t geweld deryn trochklinkt. De titel fan dizze tentoanstelling is dan ek in útnûging om each foar elkoar te hâlden, wylst ferfrjemding en konflikt ek yn ’e keunst de toan sette.
De keunstners stelle alle fiif skerpe fragen. Sa biedt Okki Poortvliet mei har ynstallaasje fan film, kombinearre mei tekeningen, in perspektyf op de fleisyndustry en bringt se de etyske kwestjes oangeande it konsumearjen fan bisten yn byld. Is in iepen petear oer it deadzjen fan bisten mooglik?
Cecilie Fang ûndersiket hoe’t hannel en macht de ûntwikkeling fan taal beynfloedzje. Se siket alternativen foar dominante taalfoarmen, bygelyks troch it materiaal fan har skulpturale ynstallaasjes fia natuerlike prosessen sels sprekke te litten.
Charlène Dannancier giet yn har wurk yn op geweld, macht en kontrôle yn de húslike sfear en yntime relaasjes. Yn har ynstallaasje foarmje muzikale komposysje en tekst it útgongspunt foar in ferkenning fan ferlangen, seksueel geweld tsjin froulju en it oer de grinzen hinne gean fan datjinge wat as ‘akseptabel’ of ‘passend’ beskôge wurdt.
Ahmad Mallah presintearret in trijelûk oer it politike rezjym yn Syrië en de genoside yn Gaza – twa realiteiten dy’t yn syn libben mei elkoar ferfrissele binne. Ahmad bringt sêftens yn bylden fan leed, rou en ferlies en beljochtet tagelyk de Palestynske en Syryske kulturele skjintme.
Ta beslút kreëarret Karin Iturralde Nurnberg in húslike romte om te rêsten en te dreamen. Wat kin der ûntstean yn kwetsbere mominten? Bygelyks op it ymmigraasjekantoar, by de dûane of ûnder in alve oeren duorjende fleanreis nei hûs. It ynteressearret Karin hoe’t boartlikheid dy mominten ynkringe kin.
De tentoanstelling giet út fan it idee dat keunst en libben ûnskiedber ferbûn binne, in fisy dy’t de Fluxus-keunstners fan de jierren 60 en 70 dielden. Sy ferklearren: keunst is it libben. Feministyske groepen, de swarte befrijingsbeweging en de studintebeweging fan dy tiid stelden: the personal is political. Dêrmei waard beklamme dat persoanlike ûnderfiningen ferbûn binne mei bredere sosjale en politike struktueren. De selektearre keunstwurken yn dizze tentoanstelling kinne lêzen wurde fanút dat idee. Al meitsjend en ûndersykjend stelle de dielnimmende keunstners fragen oer de op macht, kontrôle en winst rjochte meganismen dy’t ús deistich libben beynfloedzje. Se nûgje út om ús blik op ’e wrâld hieltyd wer te fernijen mei behelp fan persoanlike ferhalen, dreamen, kwetsberheid en eksperimint. De wurken yntrodusearje ferwûndering, boartlikheid en in poëtyske blik, se bringe ús yn ’t sin dat ferbylding in foarm fan ferset wêze kin. Miskien kin dizze tentoanstelling in earste stap yn dy rjochting sette. Fiel dy wolkom, bring tiid troch mei de keunstwurken, praat meielkoar, doch krekt as kenne jim elkoar noch en wês nijsgjirrich.
Titus Nouwens