1 o/m 25 July 2020

Halla Einarsdóttir

Residinsje

Portal Scroll (still), Halla Einarsdóttir, 2020

Iepeningstiden: Sneon en snein, 13.00 oant 17.00 oere
Finale presintaasje: sneon 25 juli, 3 p.m.
Dizze moanne húsmannet de Yslânske keunstner Halla Einarsdóttir yn Keunsthûs SYB. Yn har wurk is Halla ynteressearre yn op hokfoar wize oft ús omjouwing ynfloed hat op ús perspektyf, ús ynteraksjes en ús hâlden en dragen. Yn dit projekt rjochtet sy har ek op de oerflakten yn dy ‘omjouwingen’, omdat dy ús eat fertelle kinne oer it aard fan in objekt. De tekstuer fan in oerflak lit ús sjen hoe’t de bûtenkant fan dat objekt, of in gebou, of in lichem reagearre hat op eksterne omstannichheden, mar ferberget ek wat binnenyn sit. Sa besjoen kin in bûtenkant ús in protte fertelle: wat kinne wy ûntdekke yn de skansearre parten en skuorren derfan?

Einarsdóttir wurket dy tema’s fierder út yn har ferbliuw yn SYB. Sy wurket op ’e Sweach fierder oan har fideo Portal Scroll (ûntwikkele mei keunstner Faysal Mroueh). De fideo, dy’t útgiet fan in first person lykas brûkt yn fideogame-omjouwingen, hat in stikmannich audiospoaren yn, en nimt jo mei in ‘spul’ yn, dêr’t jo tegearre mei har de firtuele romte yn ferkenne, wylst jo jo konsintrearje op de tekstueren en oerflakten fan de omjouwing. As oanfolling en fysike tsjinhingers op dat firtuele wurk, is Halla ek fan plan om nije skulptueren te meitsjen.

Halla Einarsdóttir (Reykjavík, Yslân, 1991) is in keunstneresse dy’t festige is yn Rotterdam. Se behelle har BA oan de Gerrit Rietveld Academie, Amsterdam 2015. Har wurk wie yn 2016 te sjen yn SYB; doe wie se nominearre foar de 7e Sybren Hellinga Kunstprijs. Op dit stuit stiet se ynskreaun yn it MFA-program fan it Piet Zwart Instituut, Rotterdam.

Halla har projekt yn útfiering is alle wykeinen fan 13.00 oant 17.00 oere te sjen en wurdt op sneon 25 july fan 15.00 oere ôf yn SYB presintearre.