Keunsthûs SYB dochs yn regeling Kunstpodia BASIS

Nieuws | 09/02/2021

Image: Maarten van Maanen

Nei it ‘positive advys sûnder takenning’ yn septimber 2020 hat SYB ynhâldlik beswier yntsjinne by it Fûns. De kommisje hat dat beswier woegen en grûndearre ferklearre. Keunsthûs SYB ûntfangt foar 2021 en 2022 dêrom no dochs noch in bydrage fan 220.000 euro. Mei de fjouwerjierrige bydrage fan de Provinsje Fryslân betsjut dat, dat we ynvestearje kinne yn de organisaasje fan SYB en trochgean kinne mei it fasilitearjen en dielen fan it ûndersyk en eksperimint fan ús keunstners. Yn 2021 en 2022 binne ús residinten ûnder oaren: Janne van Gilst; Sol Archer; Charlotte Mumm; Lotte van der Woude; Sanne Kabalt; Inge Meijer; Liza Prins; Annebelle Binnerts & Bart Lunenburg; Steven Jouwersma; Caz Egelie en Jesse Strikwerda; en Carmen Schabracq.
Wy binne tige bliid en wolle jimme, ús (alumny)keunstners, frijwilligers, relaasjes en folgers hiel hertelijk tankje foar alle stipe. We sjogge der langjend nei út om ús plannen dochs noch te realisearjen en keunstners yn harren ûntjouwing romte en stipe te jaan.
Spitigernôch is net foar alle ynstellings ûnder de seachline [“onder de zaaglijn”] in strukturele oplossing fûn. Dat muoit ús tige. Wy wolle it Mondriaan Fonds freegje om dêr mei it each op de takomst better nei te sjen. Nammerstemear omdat presintaasje-ynstellings krúsjaal binne as briedplak foar de Nederlânske keunstwrâld.