10 o/m 19 September 2021

Langstme

de Tredde Triënnale fan Beetstersweach

Tusken 10 en 19 septimber organisearret Keunsthûs SYB foar de tredde kear in keunstrûte mei bysûnder wurk fan eardere gastkeunstners op ûngewoane lokaasjes yn Beetstersweach.

Data: 10/11/12 en 17/18/19 septimber 2021
Startlokaasje: Keunsthûs SYB, Haadstrjitte 70, Beetstersweach
Kaarten: € 5 / € 2 (ynwenners Opsterlân) / fergees tidens Iepen Monumintedei 11 septimber

Tickets reserveren

Dielnimmende Keunstners
Maarten Bel; Jasper Coppes; Monique Duurvoort; Caz Egelie en Jesse Strikwerda; Halla Einarsdóttir; Laurent-David Garnier; Janne van Gilst; Seán Hannan; Anna Hoetjes; Ash Kilmartin; Inge Meijer; Onkruidenier; Sara Postolle, Nicole Kuiper & Martijn de Geele; Sissel Marie Tonn; Lotte van der Woude.

Yn septimber organisearret Keunsthûs SYB foar de tredde kear in Triënnale fan Beetstersweach. De Triënnale ‘Langstme’ is in keunstrûte by ûngebrûklike tentoanstellingslokaasjes op ’e Sweach lâns en bringt fideo keunstwurken, skulptueren, fotografy en foarstellings. Achttjin keunstners ferbleauwen de ôfrûne jierren yn Keunsthûs SYB om harren wurk fierder te ûntwikkeljen. Sy komme de twa wykeinen yn septimber werom en sille it resultaat fan harren ferbliuw en wurkperioade yn SYB sjen litte op lokaasjes oan en om de Haadstrjitte fan Beetstersweach, lykas Ons Huis, De Buorskip, Studio Wansleeben en ecologische boerderij Rûn Libben en Grûn (oan ’e Gordyksterwei).

Inkelde (eardere) studinten fan Academie Minerva komme ek werom; Sara Postolle, Nicole Kuiper & Martijn de Geele dienen de ôfrûne jierren mei oan de tradisjonele SYB X Minerva 24 oere-residinsjes, en drage no by oan it performance-program fan de Triënnale. Dêrnjonken is it refleksje-program fan Keunsthûs SYB, SYB Circles, fan ’t jier ferantwurdlik foar in rige koarte podcasts dy’t út ’e Sweach wei útstjoerd wurde sille. De twadde sneinoer (17 – 19 septimber) wurdt in oanfoljend performance-program organisearre mei wurk fan Maarten Bel, Onkruidenier, en de alumny fan Minerva.

Langstme
Nei oardel jier dêr’t moetings en dielnimmen oan it kulturele libben net fanselssprekkend yn wienen, wol Keunsthûs SYB mei de tredde Triënnale fan Beetstersweach temjitte komme oan it ferlet ûnder keunstners en keunstpublyk om inoar te moetsjen, keunst te sjen en nije útwikselings oan te gean. Fan ’t jier is it tema fan de Triënnale dêrom Langstme, om dat ferlet te ûnderstreekjen.

De Triënnale fynt foar it earst ferspraat oer twa wykeinen plak, en is alle freeds, sneons en sneins iepen tusken 12:00 en 18:00 oere. Kaartferkeap fynt plak oan ’e doar, mar yn ferbân mei de jildende koroana-feilichheidsmaatregels wurdt besikers frege it tagongsbewiis te reservearjen fia deze link. Dêr kinne besikers ek oanjaan oft se dielnimme wolle oan de byhearrende kulinêre rûte en oft se gebrûk meitsje wolle fan de pindelbus tusken It Hearrenfean en De Sweach op 10, 11 en 12 septimber.

De Triënnale fan Beetstersweach
Dit is de tredde edysje fan de Triënnale fan Beetstersweach. Yn 2015 waard úteinsetten mei de earste Triënnale mei de titel ‘Sfear fan Ynset’. De twadde edysje fûn plak yn 2018, en heakke ûnder de titel ‘Almende’ oan by Ljouwert-Fryslân 2018 en it tema ‘iepen mienskip’. Ek dizze edysje set Keunsthûs SYB him wer yn om in ferskaat oan artistike posysjes en keunstwurken fan de eardere residinten te toanen op net konvinsjonele presintaasjeplakken rûnom op ’e Sweach.

It projekt wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, Provinsje Fryslân, Van Teyensfundatie, it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân en de gemeente Opsterlân.