OER SYB

Caz Egelie en Jesse Strikwerda, a Smoker’s Theatre, 2021

Keunsthûs SYB is in keunstromte en residinsjeplak yn Beetstersweach en sûnt 2000 aktyf. Presintaasjes by SYB wurde karakterisearre troch húslikens en it plak biedt de mooglikheid om te eksperimintearjen mei ferskate foarmen fan presintaasjes. De bewenners fan SYB wurkje direkt mei minsken út ’e omkriten en petearen mei it publyk binne tagonklik, sa’t jo dy ferwachtsje kinne oan de keukentafel. Wy kommunisearje yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frysk.

By residinsjes is SYB op sneon en snein tusken 13.00 en 17.00 oere iepen foar publyk. Lês hjir mear oer it aktuele programma.