17 December 2022

EINPRESINTAASJE Sanne kabalt

yn Keunsthûs SYB

foto: Sanne Kabalt

TO LULL AND BY[E]

SANNE KABALT

Keunsthûs SYB nûget  jo fan herten út foar de eidpresintaasje fan Sanne Kabalt op sneon 17 desimber om 16:00 oere.

Sanne Kabalt hat de ôfrûne wiken yn Keunsthûs SYB wurke oan in nij projekt oer sliepferskes/widzesankjes/lullabies. Wat har artistike nijsgjirrigens opwekke, is it feit dat de lieten dêr’t bern mei yn ‘e sliep brocht wurde, faak ek in oar doel lykje te hawwen: de soargen út te drukken fan dejinge dy’t sjongt (meast de mem). De ‘ûntfanger’ fan it ferske praat noch gjin taal en wurdt delbêde troch in bekende stim, widzjend ritme en mankelike meldij. De ‘oanbieder’ fan it liet kin no yn de tekst syn eigen twivel en prakkesaasjes yn de tekst uterje.

Sanne sammele widzesankjes út Fryslân, mei help fan it argyf fan Tresoar. Wylst se wurke oan it argyfmateriaal, wreide har ûndersyk him út troch petearen mei freonen en omfettet no slieplietsjes fan oer de hiele wrâld. Op basis fan it ûndersyk makket se in nij wurk. It wurk bestiet op it stuit út in ynstallaasje dêr’t de (sjong)stim, nije kombinaasjes fan orizjinele widzesankjes en skaadbylden fan mem en dochter yn byinoar komme. Yn de einpresintaasje sil se in earste, eksperimintele ferzje fan dat nije wurk mei it publyk yn SYB diele.

Einpresintaasje
sneon 17 desimber 16:00 – 18:00 oere
Sanne sil wat fertelle oer har ûndersyk, residinsje en wurkproces.

It wurk is te sjen op
sneon 17 en snein 18 desimber 2022
fan 13.00 oant 17.00 oere.

It projekt wurdt mei mooglik makke troch:
Mondriaan Fonds, Provinsje Fryslân en Stichting Niemeijer Fonds