27 January 2023

film Sol Archer selektearre foar IFFR

Nijs

Beeld: IFFR

On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds

Sol Archer wurke fan ’t simmer oan it projekt Gardening Practices yn syn residinsje by Keunsthûs SYB. De film dy’t Sol makke yn gearwurking mei de Tropyske Kas yn Beetstersweach is selektearre foar it International Film Festival Rotterdam (IFFR) en is op freed 27 jannewaris te sjen.

Oer de film
De broeikas as ultym foarbyld fan konstruearre natuer. Binnen de glêzen muorren fan de kas fynt in blommespektakel plak, wêrby’t frijwilligers de ûnderfining folslein meitsje troch lûden út de tropen nei te dwaan neffens de muzyknotaasje fan de Braziliaanske keunstner, fotograaf en ûntdekkingsreizger Hercule Florence, dy’t twa iuwen tebek natuer, byld en lûd ek al byinoarbrocht.

Filmfertoaning
Datum: Freed 27 jannewaris 2023
Filmfertoaning: 15:30 en 20:00 oere
Lantaren Venster, Rotterdam
Klik hjirre foar kaartsjes