600 Years of Migrant Mothers
Selma Selman
13 06 – 27 09 2025
Keunsthûs Syb presintearret 600 years of Migrant Mothers, in nije solo-eksposysje fan Selma Selman, dy’t plakfynt yn sawol Beetstersweach. De tentoanstelling bestiet út in nije rige skilderijen, films, lûdswurken en rinnend ûndersyksmateriaal en is makke yn opdracht fan twa Fryske ynstellingen: Keunsthûs Syb en Arcadia - Paradys.
De tentoanstelling makket diel út fan in grutter ûndersyksprojekt fan Selman, wêryn’t se har ferdjippet yn har “froulike foarfaars” en seishûndert jier werom giet yn har famyljenamme. Selman stribbet dernei om in gesicht te jaan oan de froulju fan wa’t se ôfskaait. Froulju dy’t har foarme hawwe ta wa’t se hjoed-de-dei is, mar dy’t sels faak ûnsichtber bliuwe. It projekt giet oer de yntime bân tusken kennis en macht. Wa hat tagong ta syn of har “foarâlderlike mem”, freget de keunstner? En hoe jout dy kennis macht yn in breder polityk spektrum?
Selman ûndersiket hoe’t ferhalen dy’t oer de keukenstafel omgean, faak fergetten wurde en net tagonklik binne foar hjoeddeistige generaasjes, benammen deselden binnen marzjinalisearre mienskippen. Genealogy, de praktyk fan it sammeljen, opslaan en dielen fan ynformaasje oer famyljebannen, is in fjild fan stúdzje dêr’t it feministyske kredo “it persoanlike is polityk” dúdlik yn nei foarren komt. Foar Selman betsjut it ûntraffeljen fan ‘e froulike line it ûntdekken fan it duorjend útsetten fan Roma-mienskippen yn Súdeast-Jeropa, yn stêden as Prishtina, Sarajevo en Bihać, dêr’t de manlike line foar it meastepart wurdearre en fierd wurdt. Se besiket generaasjes memmen op te spoaren, sawol echte as fiktive, en kombinearret dêrby feministyske strategyen fan fiktive genealogy mei histoarysk ûndersyk en ynterviews. Har wurk is in besykjen om froulju tusken grinzen te fisualisearjen, geasten dy’t yn in dream komme en prate yn in taal dy’t men net mear ferstiet mar wol weromkent. Gesichten dy’t jo tsjinkomme yn mominten fan freugde en wanhoop; nammen op grêven yn stêden fier fan jins hjoeddeistige thús; en lang hier dat fan in fiktive takomst nei de realiteit rikt.
De keunstwurken hawwe in benearjend karakter. In groep froulju út ferskillende generaasjes wurdt ferivige yn in grut metalen twalûk dêr’t in selsportret fan de keunstner sûnder eagen harren blik opheint. Boeken, tekenings, filmbylden en lûden, sammele fan begraafplakken dêr’t Romalju begroeven lizze, wurde kombinearre mei sênes fan in brulloft. As feiten ûntbrekke of mei opsetsin wiske wurde, wurdt ferbylding in wapen om bline flekken te rekonstruearjen, in manier om in nije blik nei de takomst te rjochtsjen. Kinne wy ús yntinke hoe’t de wrâld derút sjen kin of moat út it perspektyf wei fan ‘e ferdreaune frou?
600 years of Migrant Mothers is Selma Selmans earste solo-eksposysje yn de twatalige regio Fryslân, gearstald yn dialooch mei Arnisa Zeqo en Hans den Hartog Jager. It projekt is foar in part basearre op ûndersyk nei Roma-mienskippen yn Prishtina, útfierd troch Blerta Ismaili en de CHwB Kosovo. (*)
(*) Cultural Heritage without Borders (CHwB) Kosovo
Selma Selman (1991) komt ú Bosnje en Herzegovina en is fan Roma-ôfkomst. Yn 2014 behelle se as earste Roma-studint har BFA oan University’s Department of Painting Banja Luka. Yn 2018 studearre se ôf oan de University Syracusa mei in MFA Visual and Performing Arts. Resinte solotentoanstellings hawwe plakfûn yn ûnder oare de Schirn Kunsthalle (Frankfurt), Röda Sten Konsthall (Göteborg) en Gropius Bau (Berlyn). In 2024 krige se de ABN AMRO-Kunstprijs, dêr’t yn 2025 in solo-eksposysje op folge yn it Stedelijk Museum Amsterdam. Selman is boppedat oprjochter fan de organisaasje Get The Heck To School, dy’t him ynspant foar de wrâldwide stipe oan Roma-famkes dy’t aontangele sitte mei problemen fan útsluting en earmoede. Sûnt har dielnimmen oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam yn 2021 wennet en wurket Selma Selman yn Amsterdam.
Kolofon
Regisseur en kurator: Arnisa Zeqo
Kuratoriale dialooch: Hans den Hartog Jager
Koördinator: Gisanne Hendriks
Tentoanstellingsûntwerp: Kevin Perrin en Karin Groenewoud
PR & Kommunikaasje: Lara den Hartog Jager
Assistent-kurator en produksje: Alice Conforti
Frijwilligers: Eva Kruis, Ed Knotter, Jan Harmsma,
Gepke Veenstra
Studio-assistint fan Selma Selman: Petar Vranjković
Skilder- en bewurkingsassistint fan Selma Selman: Nikola Kekerović
Lûdkonsultant: Jacob Dwyer
In-situ ûndersyk yn Pristina: Blerta Ismaili
In-situ kameraman yn Pristina: Brilant Pireva
Yn gearwurking mei Arcadia - Paradys
Praktyske ynformaasje
Iepening tentoanstelling
13 juny 2025
17.00 – 19.00 oere
Iepeningstiid tentoanstelling
14 juny - 27 september 2025
Tongersdeis, freeds en sneons fan 13.00 - 17.00 oere
Pers
Foar parsefragen nim kontakt op mei: anna@kunsthuissyb.nl