Vrijdag 25 10 2024 13.30–18.00
De Bult: Feroardiele yn Syb
Keunstner Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones) dielt de ynspiraasje foar it kreëarjen fan De Bult Bar by Syb. De bar ûntlient syn namme oan de bynamme fan Jurrien Christiaens út Ljouwert dy’t yn 1730 eksekutearre waard op beskuldiging fan sodomy. Dêrneist ekploitearre Jurrien ‘De Bult’ Christiaens yn syn hûs in lolhûs: in klandestine seksromte dy’t troch manlju besocht waard. De keunstner wurdt beselskippe troch konservator Tom van der Molen om histoaryske kontekst te jaan oer it bewarjen fan minderheidsskiedsissen út de 18de iuw. De middei wurdt ôfsletten mei in spesjale lêzing troch Jens Huls (Monster Archief).
Program
13.30-14.30 Rûnlieding troch de tentoanstelling - Start by Kunsthuis Syb, mei Arnisa Zeqo
16.00-17.00 Artist talk Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones) mei Tom van der Molen, konservator Amsterdam Museum
15:00-18:00 De Bult bar, hosten troch keunstner Jens Huls.
Jens Huls is in ynterdissiplinêre makker dy’t tema’s lykas queer identiteit, sûnde en emansipaasje ferkent yn harren teksten en performances. Jens makket diel út fan it Artist in Space-trajekt, Field.
Tom van der Molen is konservator by it Amsterdam Museum, en keunsthistoarikus, spesjalisjearre yn Nederlânske, santjinde-iuwske skilderkeunst. Koartby hat er ûndersocht hoe’t it erfskip fan minderheden yn Nederlân behâlden wurde kin, mei de fokus op de 18de iuw.
Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones) is in keunstner fan wa’t it wurk him dwaande hâldt mei de wikselwurking tusken fisuele foarmen fan represintaasje/abstraksje en politike foarmen fan erkenning en marginalisaasje. Harren wurket mei tekstyl en ambachtlike techniken yn kombinaasje mei performance, fideo en ynstallaasje. It wurk fan The Frxnd wie koartlyn te sjen yn in solopresintaasje yn de Rozenstraat - a rose is a rose, Amsterdam, en earder yn it Irish Museum of Modern Art, Dublin en de Gwangju Biënnale, Gwangju yn oparbeidzjen mei AA Bronson.
Arnisa Zeqo is in skriuwer, kurator en educator en wennet yn Nederlân. Se is mei-oprjochter fan rongwrong, in romte foar keunst en teory yn Amsterdam, en wurket no as direkteur fan Kunsthuis Syb.