5 November 2023

Einpresintaasje Alban Karsten: The Visitor

einpresintaasje

Beeld: Alban Karsten, The Visitor, 2023

Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar The Visitor, in presintaasje as ôfsluting fan de residinsje fan Alban Karsten, op snein 5 novimber om 15.00 oere.

Mei de presintaasjee dielt Karsten syn yn Beetstersweach útfierde ûndersyk mei it publyk. De middei begjint mei in petear tusken Karsten en direkteur Arnisa Zeqo, folge troch it fertoanen fan syn film The Visitor, in nij wurk dat de keunstner makke hat yn de perioade fan de residinsje. It program wurdt ôfsletten mei in fokaal optreden fan de keunstner mei MNNNZNGVRNGNG, it Sweachster amateur manluskoar ûnder lieding fan diriginte Liesbeth van Dongen.

Oanmelde foar de presintaasje op snein 5 novimber kin mei dizze skeakel (link).

Wy sjogge dernei út jo te ferwolkomjen yn SYB.

 

Program
15:00 ynrin
15:30 Q&A (Fraachpetear)
16:00 Film The Visitor
16:30 Performance yn gearwurking mei MNNNZNGVRNGNG
16:45 Ôfslutend drankje
18:00 Ein

 

Oer Karsten syn residinsje en The Visitor
Yn Keunsthûs SYB wurke Alban Karsten oan syn ûndersyk The Fences of Beetsterzwaag. It oarspronklike útgongspunt fan dat projekt wie om mei orale skiednissen fan it doarp te wurkjen – lykas regionale ferhalen, myten, doarpsrabberijen, leagens en tige lokale kroniken. Om tagong te krijen ta it kollektive ûnthâld fan it doarp, wie Karsten fan betinken, moast er lid wurde fan de pleatslike klups. sadeaande sleat er him tydlik oan by twa Sweachster koaren.

Dêrtroch kaam er yn e kunder mei in protte minsken mei elts harren unike ferhalen, dy’t him dan wer trochferwiisden nei oare kontakten. Al ringen kaam er inkelde dagen yn ’e wike by doarpsbewenners oer de flier. By ien fan dy besiten hearde er it ferhaal fan it bûtenwenstich hege oantal UFO-waarnimmings yn de regio yn ’e midden fan de jierren sântich. Fan dat stuit ôf gie Karsten op ’e siik nei streekrjochte tsûgen dy’t ree wienen om oan syn film The Visitor mei te wurkjen.

Dat sykjen brocht him by lju mei de meast útinoar rinnende en wûnderlike ûnderfinings fan desenniums ferlyn, wylst de koaren in essinsjeel aspekt fan syn artistike wurk blykten te wêzen. De koaren brochten troch de repetysjes struktuer yn de wiken en holpen him om it sjongen op ’e nij te ûntdekken as part fan syn artistike praktyk; as in performatyf ynstrumint en in metoade om him te ferbinen mei in mienskip.