13 November o/m 24 December 2023

Wessel Verrijt: Ciliates – Moving Materials

Residinsje

Wessel Verrijt, Environmental Collage, Derde Wal Nijmegen, Social Aspects, October 2020

Keunsthûs SYB ferwolkommet keunstner Wessel Verrijt foar in residinsje fan 13 novimber oant 24 desimber. By SYB wurket Verrijt oan syn ûndersyksprojekt “Ciliates – Moving Materials”.

Under de titel Ciliates – Moving Materials kreëarret Verrijt in netwurk fan nije ferhalen oer Beetstersweach troch it sammeljen fan âlde materialen fan ynwenners en dy te bondeljen ta nije assimblaazjes en op film fêstleine performances. De keunstner, dy’t opgroeide yn Lierop (Noard-Brabân), giet in sosjale ynteraksje oan mei ynwenners fan ’e Sweach en docht in nij ûndersyk dat de grinzen tusken keunst, teäter en ritueel suver weiwurde lit.

De oarsprong fan it wurk fan Verrijt leit yn fûn materiaal. Samle stikken hout, tekstyl, metaal en karton wurde troch him gearstald ta nije skilpturale foarms dy’t de spoaren fan har komôf en skiednis drage. De skulptueren binne tydlik fan aard en foarmje mei-inoar in amalgaam; in organisme dêr ’t materialen har yn ferpleatse fan byldhouwurk nei byldhouwurk en organysk fan plak nei plak reizgje.

Yn de perioade fan syn residinsje by SYB giet de keunstner op ’e siik nei boukonteners, op besite by boeren en giet er by de doarren lâns. Op dy wize komt Verrijt yn ’e kunde mei de krite, de minsken en harren skiednis. Dêrút wei ymprovisearret Verrijt mei performative mominten dy’t dan filme wurde. Yn it ramt fan de kamera kin in bult sân by in bouwerij bygelyks in wiere berchtop suggerearje en in âlde nôtsilo op in pleats in katedraal as eftergrûn.

It ûndersyksprojekt Ciliates – Moving Materials sil op sneon 13 jannewaris 2024 resultearje yn in iepenbiere presintaasje fan de films en skulptueren op ferskate bûtenlokaasjes yn it doarp.

Yn de perioade fan Wessel syn residinsje is Keunsthûs SYB sneons en sneins iepen fan 13:00 – 17:00 oere.

Oer de keunstner
Wessel Verrijt (1992, Lierop NL) makket skulptueren, arsjitekturale reauwen, taktile mobilen en beweechlike personaazjes. Dy binne sawol robúst as fragyl, sawol gaoatysk as oarderlik. It lykje libbene wêzens en suggerearje in ritueel of in prosesje dy’t ta stean kommen is. De skculptueren komme ta libben yn performances. Dêryn ferkent Verrijt it idee fan ‘living matter’, as lichem en matearje gearrane en de matearje minsklike trekken en emoasjes krije.

It projekt is mooglik makke troch: