9 November 2023

Bitterswiet: de Fryske taal as ferset

Evenemint

Afbeelding: boekomslag Bitterswiet: A Tiny Mulder Inquiry in Word and Voice. Ontwerp boekomslag: Toni Brell

Tongersdei 9 novimber 2023
Tiid: 16:00 – 18:00 oere
Lokaasje: SYB, Haadstrjitte 70, Beetsterswaach

Op tongersdei 9 novimber is keunstner en alumni Liza Prins te gast by Keunsthûs SYB om har nije publikaasje “Bitterswiet: A Tiny Mulder Inquiry in Word and Voice” te lansearjen. De middei is ûnderdiel fan de Fryske Boekewike dy’t fan 4 o/m 12 novimber yn hiel Fryslân organisearre wurdt.

Yn ’e wurklist fan de middei is in spesjale harksesje opnommen mei gedichten fan Tiny Mulder yn it Ingelsk en Frysk, petearen mei de útjouwer en oaren dy’t in bydrage levere hawwe plus in sinjearsesje.

 

Program en Oanmelden
16:00 – 16:15: Ynrin
16:15 – 16:25: Wolkom
16:30 – 16:45: Harksesje
16:45 – 17:15: Groepspetear mei Liza Prins, Alina Lupu, Nina Glockner en Toni Brell
17:15 – 18:00: Slokje en sinjearsesje

Oanmelden kin mei dizze skeakel

 

Oer “Bitterswiet”
“Bitterwiet” is in blomlêzing fan essees, gedichten en oar wurk dat (de Fryske) taal ûndersiket as middel ta ferset. It is in reis troch it wurk en libben fan de Fryske dichter Tiny Mulder, it teoretysk wurk fan Anne Carson en de skiednis en de fonetyk fan it Frysk. Dêrby ûndersiket de publikaasje de affektive kwaliteiten fan sprutsen taal yn it algemien en fan it Frysk yn it bysûnder, om te ontdekken hoe’t we bouwe kinne oan in grinsleaze, leafdefolle tsjûgenis fan in oare wrâld.

It boek is skreaun yn it Ingelsk en it Frysk, befettet bydragen fan Ed Knotter en Alina Lupu, wurdt útjûn troch n.k.g. Publications en is foarmjûn troch Toni Brell. It boek waard mooglik makke troch it Feitsma Fûns / Fûûns foar it Frysk, it Mondriaan Fonds en Keunsthûs SYB

“Bitterswiet” is ûntstien yn de cperioade fan de ûndersyksresidinsje fan Liza Prins yn Keunsthûs SYB yn 2022. Bij SYB wurke Liza gear mei Alina Lupu (SYB Circles) oan in briefwiksel. Mei Ed Knotter wurke de keunstner gear om in byld te krijen fan ferskaat oan tonaliteiten dy’t yn Fryske lûden ta utering komme kinne, de skiednis fan it Frysk en (non-)oersettongen. By Tresoar, it argyf dat ûnderdak jout oan in protte skatten as it om Fryske taal en kultuer te rêden is, hat hja ûndersyk dien nei lûdsopnamen fan Tiny Mulder.

 

Oer de keunstner
Liza Prins is keunstner, ûndersiker en skriuwer, fêstige te Amsterdam. Hja waard oplaat as keunstner oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam en oan the School of the Art Institute of Chicago en studearre ôf mei in master yn Artistic Research oan de Universiteit fan Amsterdam, dêr’t har skripsje him rjochte op it krúspunt fan feministyske, nije materialistyske motodology en performative artistike wurkwizen.