7 December 2020 o/m 17 January 2021

De Onkruidenier

Residinsje

Onkruidenier - Chalk Talks, Warming Up Festival 2020. Foto: Tim Hillige

Fan 7 desimber 2020 oant en mei 17 jannewaris is De Onkruidenier te gast yn Keunsthûs SYB. Foar de Onkruidenier foarmet it mei-inoar opgean fan lânskipsfoarmjende faktoaren tusken minske en omjouwing in wichtige oanlieding foar harren wurk. Hokfoar ynfloed hat de omjouwing op ús en wy op de omjouwing?

Yn de perioade fan har residinsje yn SYB docht de Onkruidenier út Beetstersweach wei ûndersyk nei de oanwêzigens fan halotolerant libben, ofwol: libben dat him oanpasse kin oan de oanwêzigens fan sâlt yn de omjouwing. De Onkruidenier hat al op ferskate lokaasjes yn Nederlân ûndersyk dien nei halotolerant libben – troch it ûndersyk yn Fryslân dêroan ta te heakjen ûntstiet in hieltyd folsleiner byld fan de skiednis fan de see yn it Nederlânske lânskip.

De útkomst fan harren ûndersyk is te besjen op de iepeningstiden fan SYB yn it wykein (tusken 13.00 en 17.00 oere) en op de einpresintaasje yn jannewaris 2021.

De Onkruidenier (sûnt 2014) sette út ein as in gearwurking tusken Jonmar van Vlijmen en Ronald Boer. Beide binne sy oplaat as lânskipsarsjitekt én byldzjend keunstner. De Onkruidenier ûndersiket histoaryske, kulturele en potinsjele transformaasjes fan de natuer en har mooglikheden om de minske te evoluearjen. It wurk fan De Onkruidenier is fan ’t jier te sjen yn de tentoanstelling Empathie | Geen mens is een eiland  yn Museum IJsselstein, yn it projekt Kleureyck yn it Designmuseum Gent, en dit neijier mei Forever Summer yn it Van Abbemuseum. Earder wie harren wurk ûnder oare te sjen op ferskate plakken yn Nederlân en dêrbûten (wêrûnder Oerol, Nieuwe Instituut Rotterdam en it Ruimtekoers Festival). Yn 2019 hat Rosanne van Wijk har by it team fan de Onkruidenier oansletten. Rosanne van Wijk (1994, NL) studearre yn 2016 cum laude ôf oan de BA Fashion Design fan de hogeschool voor de kunsten Arnhem (ArtEZ) en folbrocht har residinsje oan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht yn 2018. Dêr kaam hja mei Ronald Boer en Jonmar van Vlijmen yn ’e kunde en ûntstie harren gearwurking.

It projekt wurdt mooglik makke troch it Mondriaan Fonds, de Van Teyens Fundatie en de gemeente Opsterland.