31 July 2022

Einpresintaasje Charlotte Eta Mumm

yn Kunsthuis SYB

Foto: Charlotte Eta Mumm

Einpresintaasje: snein 31 july om 15:00 oere

De ôfrûne wiken ferwurke Charlotte de yn har earste ferbliuw sammele lokale boaiemtekstueren ta keramysk glazuer foar boarden en kommen mei teksten fan in hânlêzing. De wurden Grund en reason foarmen in tinkline yn har wurkproses. It Dútske wurd ‘Grund’ betsjut net allinnich boaiem of grûn, mar ek; reden, motyf, fûnemint en oarsaak. It freget om it wêrom, en siket om in djippere betsjutting of redenearring.

Charlotte sil kommende snein om 15.00 oere it resultaat presintearje yn de foarm fan in feestlik klearmakkie dis mei Frysk gebak foar by de kofje. Sy sil persoanlik en oan de hân fan in skreaune tekst yngean op it proses en de tinkwizen by de realisaasje fan it wurk.

It oan ien wei troch naaien fan tekstylkollaazjes hat Charlotte ta help west yn it tinkproses. De kollaajes binne makke fan stoffen en borduerwurk ôfkomstich út omrinwinkels om Beetstersweach hinne. Dy kollaazjs sille ek te sjen wêze by de einpresintaasje.

Dit wurk is mooglik makke mei de stipe fan: