Practical Information
Iepening
28 maart, 15:00 - 18:00 oere
Iepeningstiden
Tongersdeis, freeds en sneons fan 13.00 – 17.00 oere
Kunsthuis Syb kundiget mei grutskens We Need to Speak about Living Room oan, de earste solo- tentoanstelling fan Winnie Herbstein yn Nederlân. De tentoanstelling spilet him tagelyk ôf op twa lokaasjes dy’t elk har eigen kontekst wjerspegelje: Kunsthuis Syb yn it Fryske doarp Beetstersweach en Casco Art Institute: Working for the Commons yn Utert. It is de earste gearwurking tusken twa ynterregionale keunstynstellingen dy’t harren rjochtsje op feministyske erfenissen, húsfesting en polityk bewustwêzen. It projekt kombinearret nij wurk, dat yn opdracht fan ’e beide keunstynstellingen makke is, mei ûndersyksmaterialen oangeande de skiednis fan mienskiplik wenjen.
Yntimiteit en politike aksje
Mienskiplike wenfoarmen binne in aktueel tema. Yn Nederlân en dêrbûten sjogge wy de lêste jierren in groei fan net-heteronormative wenienheden, soms út frije kar, soms troch finansjele needsaak. Herbstein bringt yn har ûndersyk en nije wurken dy aktuele húsfestingsfraachstikken byinoar mei partisipative metoaden út ’e famyljeopstellingen. Sy ûndersiket hoe’t mienskiplike idealen it kollektyf wenjen foarmjouwe, mar ek hoe’t spanningen en konflikten ûntsteane en hoe’t dy yn ’e rin fan ’e tiid oanpakt wurde.
Herbstein put út spoaren fan Labadistyske kommunes yn it 17e-iuwske Fryslân, fan kreakers yn it Utert fan ’e santiger jierren oant petearen fan hjoed-de-dei, en iepenet it petear om net allinnich nije manieren om mienskiplik libben te begripen, mar ek hoe’t wy as minskheid meiinoar libje kinne. De wenkeamer ferskynt dêrby as in plak fan yntimiteit, feilichheid en gefoel, mar ek as romte foar politike aksje en bewustwurding.
Lokaasjespesifyke presintaasje
Te sjen by sawol Casco Art Institute as Kunsthuis Syb is de film We Need to Speak about Living Room. Filme yn it Labre Huis yn Utert, bringt de film in groep dielnimmers byinoar om ûnderfiningen en konflikten binnen mienskiplike wenfoarmen te ferbyldzjen, ynklusyf de eksterne druk dy’t sokke foarmen fan kollektyf libjen bedriget. It wurk ferwevet argyfmateriaal oer de skiednis fan kollektive húsfesting mei de hjoeddeistige wenkrisis, en wurdt presintearre yn arsjitektoanyske ynstallaasjes dy’t de histoaryske struktueren fan beide lokaasjes folgje. By de tentoanstelling is in publyksprogramma mei petearen, gearkomsten en kollektive refleksjes dy’t it projekt fierder ferdjipje.
Fryske skiednis fan mienskiplik wenjen
Yn Fryslân ûndersiket Herbstein regionale foarbylden fan mienskiplik wenjen, lykas de 17e-iuwske Labadistyske mienskip yn Wiuwert: in protestantske beweging wêrfan’t de leden eigendom en deistich libben dielden nei it ferstjerren fan harren stichter Jean de Labadie yn 1674. De bredere tentoanstelling yntegrearret wurk út Herbsteins residinsje by Syb en toant in samling oan lokaasjespesifike wurken. Lykas in film oer de Ekokatedraal by it Hearrenfean, in kollektyf langrinnend landartprojekt inisjearre troch Louis Le Roy (1924–2012); dêrneist skulpturale eleminten dy’t fuortkomme út Herbstein syn ûndersyk nei lead, in iuwenâld materiaal dat noch altyd brûkt wurd yn ’e bou; tekstuele wurken en subtile ynstallaasjes oer anargistyske en koöperative groepen, lykas de Anarchistische Camping yn Appelskea. Mei-inoar drage dizze wurken by oan in weroerwaging fan ’e wenkeamer as sawol in romte fan feilichheid as fan ferset.
Fuotnoat: De titel fan ’e tentoanstelling ferwiist nei in rigel út it gedicht Towards Home fan June Jordan.
Winnie Herbstein is in keunstner en filmmakker waans wurk him rjochtet op histoaryske en hjoeddeistige organisaasjefoarmen yn relaasje ta húsfesting, arsjitektuer en it ferwêzenlikjen fan romte(n). Sy ûndersiket dizze tema’s troch in op ’e praktyk rjochte ûndersyk dat benammen resultearret yn fideowurken en skulptueren. Koartlyn publisearre sy it boek Slamming Doors: on falling out and fighting back in a housing crisis, dat mei-redigearre is troch Mason Leaver-Yap.
Herbstein studearre Environmental art oan ’e Glasgow School of Art, bouplakkonstruksje oan it City of Glasgow College en is oprjochter Slaghammers, in edukative metaalwurkpleats foar froulju, transpersoanen en non-binêre minsken yn Glasgow. Yn 2024-25 wie sy in Research Fellow by de Universiteit fan Amsterdam en Framer Framed. Yn 2021-2023 siet sy yn residinsje by de Rijksacademie van Beeldende Kunsten.
Iepening
28 maart, 15:00 - 18:00 oere
Iepeningstiden
Tongersdeis, freeds en sneons fan 13.00 – 17.00 oere
Directeur en curator:: Arnisa Zeqo
Coördinator: Gisanne Hendriks
Assistent Curator en Productie: Alice Conforti
Tentoonstellingsbouw: Kevin Perrin
PR & Communicatie: Anna Lillioja
Social media: Fiadhira Rasyah
Grafisch ontwerp: Sabo Day, geassisteerd door Augustinas Milkus
Vrijwilligers: Eva Kruis, Ed Knotter, Jan Harmsma,
Gepke Veenstra
Foar parsefragen nim kontakt op mei: anna@kunsthuissyb.nl