30 September 2023

Nocturnal Voices, Museumnacht Fryslân

yn gearwurking mei Tropyske Kas Beetstersweach

Selma Selman, Letters to Omer, 2022

Wat as dyn ûnderbewustwêzen prate koe? Wat as it wetter dy it paad wize koe? Wat ast mei fûgels komunisearje kinne soest?

Op sneon 30 septimber 2023 organisearje Keunsthûs SYB en de Tropyske Kas yn Beetstersweach in spesjale jûn mei de titel ‘Nocturnal Voices’ [Nachtlike stimmen] yn it ramt fan Museumnacht Fryslân. De jûns fan 30 septimber iepenje dielnimmende museums en kulturele ynstellings yn de hiele provinsje de doarren foar publyk.

Keunsthûs SYB en de Tropyske Kas wurkje mei-inoar op yn in mienskiplike presintaasje yn it sfearfol ferljochte kassekompleks. De organisaasje fan de jûn is yn hannen fan Keunsthûs SYB en der sille twa films te sjen wêze fan eardere residinten Sol Archer en Olivia D’Cruz en in bysûndere útfiering troch gast-keunstner Selma Selman.

Wy nûgje jo fan herten út om tusken 19:00 en 23:00 oere del te kommen foar dizze bysûdere presintaasje yn de Tropyske Kas op ’e Sweach.

Image: Sol Archer, still from the film On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds, 15’, 2022

Nocturnal Voices (Nachtlike Stimmen)

‘Nocturnal Voices’ bringt it wurk fan trije yn Nederlân festige keunstners byinoar. Harren wurk befreget en rikt nei wat post-minsklik, post-natuer en post-identiteit neamd wurde kin. Harren wurk leit tusken film, performance en de nuânsen fan taal.

De film fan Sol Archer lit de broeikas sjen as it “ultime foarbyld fan de keunstmjittige natuer. In blommespektakel fynt plak binnen de glêzen grinzen fan de kas, dêr’t frijwilligers de ûnderfining folslein meitsje troch lûden út ’e tropen te immitearjen nei de muzikale notaasje fan de Brazyljaanse keunstner, fotograaf en ûntdekkingsreizger Hercule Florence, dy’t natuer, byld en lûd twa iuwen tebek ek al byinoarbrocht.”

De nijste film Do dreamst ek fan dysels as in skepsel fan ’e sompen (2023) fan Olivia D’Cruz is in besykjen om wetter te bestudearjen yn syn lokale kontekst mei help fan libbens en aktiviteiten dy’t der nei mei ferbûn binne. Yn de perioade fan har residinsje by SYB wurke Olivia oan har projekt oer de wichelroede en de relaasjes tusken de minske, it net-minsklike en wetter yn Beetstersweach. Se reflektearre op hoe’t wetter besjoen wurde kin as in plak foar ‘terrafoarming’ (kritefoarming en kontrôle) en op hoe’t wetter hieltyd minder te krijen hat mei it gefoel fan in krite.

Spesjaal foar de Museumnacht Fryslân nûge Keunsthûs SYB keunstneresse Selma Selman út foar in performance mei de titel ‘Antifragile Body’. De performance is ûntstien út har trochrinnend projekt ‘Dear Omer’, in rige wyklikse briefgedichten dy’t sûnt 2020 geregeld dield wurde op sosjale media. Omer is in personaazje út it universum fan de autofiksje, in ferlingstik fan Selma, in godheid, in goekunde, in dierbere, it kollektyf ûderbewuste. Yn In de foarstelling boartet Selma mei ferwachtings oangeande identiteit as frou, keunstner en doarpsbewenner en slacht hja dy oan grom. Sa’t de kunstner yn ien fan ’e gedichten skriuwt: ‘Risiko’s nimme is myn feilige sône’.

Image: Olivia D’Cruz, still from the film Je droomt ook van jezelf als een schepsel van het moeras, 2023

Ynformaasje en Program

Datum: sneon 30 septimber 2023
Tiid: 19:00 – 23:00 oere
Plak: Tropyske Kas: Haadstrjitte 80, Beetstersweach
Tagong: fergees
Reservearje hjir in tiidslot fia ús eveneminteside.

19:00 – Start program
19:00 – Trochrinnende fertoaning fan films fan Sol Archer en Olivia D’Cruz
19:30 – Wurd fan wolkom
20:15 – Performance Selma Selman
20:45 – Ein performance Selma Selman
21:00 – Trochrinnende fertoaning fan films fan Sol Archer en Olivia D’Cruz
23:00 – Ein program

 

Biografyen fan de keunstners

Sol Archer (1983) is as keunstner festige yn Rotterdam en wurket mei de wize wêrop’t kollektiven en mienskippen har foarmje troch kultuer. Troch gearwurking mei profesjonele en net-profesjonele groepen, sjochst Sol de moeting as in romte foar produksje. Hy wurket fakentiids mei bewegend byld dat er ynset om in fermannichfâldiging te krijen: wurk as in kollektive hanneling of mei it wurk in kollektiviteit skeppe as in nije wize fan byinoarwêzen. Sol siket gearwurkingsferbannen en giet yn petear mei mienskippen, om dêrby strategyen te ûntwikkeljen om de kontrôle oer de represintaasje fan harsels en harren wurk te ferpleatsen, mei as doel groepen te stypjen foar wa’t kultuer en frijwilligersaktiviteiten in middel binne om identiteit en dielde wearden op te bouwen.

Olivia D’Cruz (1996), ôfkomstich út Goa, Yndia, is as keunstner en filmmakker festige yn Grins. Sy studearre yn 2020 ôf yn yllustraasje en animaasje oan Akademy Minerva. Ynspirearretroch it ekofeminisme en de miljeuwittenskippen, rjochtet har wurk him op it sammeljen fan ferhalen út de mear-as-minsklike wrâld. Se is ynteressearre yn de struktueren dy‘t moetings tusken lânsdouwen, minsken en oare dieren mooglik of ûnmooglik meitsje. Yn 2020 krige hja de Akademy Minerva Undersykspriis foar har ôfstudearfilm. Yn 2022 eksposearre D’Cruz har langrinnend projekt oer grûnstofwinning by Noorderlicht yn Grins en waard  hja nominearre foar de Sybren Hellinga Keunstpriis, dy’t om ’e trije jier organisearre wurdt troch Keunsthûs SYB. Se set geregeld keunstworkshops op foar bern en sjocht binnen har artistike praktyk it grutte belang fan gearwurking en yntergenerasjonele relaasjes.

Selma Selman (1991) groeide op yn it doarp Ružica, in Roma-mienskip yn Bosnië en Herzegovina. Yn 2014 behelle hja as earste Roma-studint har BFA (Bachelorgraad) oan de universiteit fan Banja Luka (ôfdieling skilderjen). Yn 2018 studearre hja ôf oan de universiteit fan Syracuse mei in MFA (mastergraad) yn byldzjen de en úfierdende keunsten (Visual and Performing Arts). Har wurk is opnommen yn in grut tal ynternasjonale kolleksjes en se hat in protte prizen krige. Koartlyn hat hja har residinsje oan de Ryksakademy yn Amsterdam ôfsletten, dêr’t hja yn 2021 mei bekroand waard. Selma Selman is de oprjochter fan de organisaasje “Get The Heck To School”, dy’t as doel hat om Roma-famkes oer de hile wrâld, dy’t te krijen haww emi earmo0ed en útsluting út de maatskippij, te stypjen. Se eksposearre by ferskate renommearre ynternaajonale organisaasjes, lykas Hamburger Bahnhof, Berlyn (2023), Documenta 15, Kassel (2022), Manifesta 14, Pristina (Kosovo) (2022), Kunstraum Innsbruck, Innsbruck (2022), MO Museum Vilnius, Vilnius (2022). In nije tentoanstelling sil plakfine yn Gropius Bau yn Berlyn yn novimber 2023.