21 January 2023

performance Selma Selman ‘No Space’ yn Fries Museum

Gearwurking

Foto: Selma Selman, Foto door Carla Scheiffer, Shedhalle, Zurich, 2022

Keunsthûs SYB set yn 2023 útein mei in gearwurkingsferbân mei it Fries Museum yn Ljouwert.

De gearwurking kaam ta stân yn it ramt fan it Art Talk-program oer de tentoanstelling ‘you used to fly, go everywhere and wake up those who are asleep’ fan de Kosovaarske keunstner Petrit Halilaj.

Keunsthûs SYB hat op útnoeging fan it museum de foarstelling No Space fan keunstner Selma Selman programmearre. Selma is residint oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunst yn Amsterdam. Se studearre ôf oan Universiteit fan Syracuse mei in Master of Fine Arts yn Transmedia, Visual and Performing Arts. Har wurk ferbyldet de striid yn sawol har eigen libben as dat fan har mienskip.

Jo binne fan herten útnûge om de art talk by te wenjen.
Opjaan kin mei dizze skeakel.

Datum: Sneon 21 jannewaris 2023
Tiid: 15:30 – 19:00 oere
Plak: Fries Museum, Ljouwert
Kosten: €5, studinten fergees