10 September 2023

Einpresintaasje Olivia D’Cruz: Water Witching: Performative Kuier

einpresintaasje

Beeld: Olivia D'Cruz, still uit de nieuwe film Water Witching: A Research on Landscape and Fiction, 2023

Keunsthûs SYB nûget jo fan herten út foar Water Witching: Performative Kuier, de einpresintaasje fan de residinsje fan Olivia D’Cruz op snein 10 septimber om 14:00 oere.

Fan 26 juny oant 30 july wie Olivia te gast yn Keunsthûs SYB foar in residinsje dêr’t hja yn wurke oan it projekt Water Witching: A Research on Landscape and Fiction oer de wichelroede en de relaasjes tusken minske, it net-minsklike en wetter yn Beetstersweach. Yn de residinjseperioade reflektearre Olivia op hoe’t wetter sjoen wurde kin as in plak foar gebietsfoarming ( ‘terrafoarming’) en ynsicht yn hoe’t wetter hieltyd minder ferbûn is mei it gefoel fan in plak.

Troch moetings mei lokale bewenners en mei de tichteby lizzende rivier en it feanlânskip hat hja op artistike wize de rol fan wetter yn it lânskip om Beetstersweach hinne ûndersocht.

Yn de presintaasje op snein 10 septimber dielt Olivia har ûndersyk en eksperiminten mei it publyk. De middei set útein mei in petear tusken Olivia en direkteur Arnisa Zeqo. Dêrnei wurde de besikers útnûge foar in performative kuiertocht nei de rivier it Alddjip. De besikers/dielnimmers krije wichelroeden en oare waarnimmingsynstrumenten, lykas in fierrekiker of fergrutglês, om te brûken.

De kuier ferwiist nei Olivia har ûndersyk by SYB en nei nij wurk fan har, in film dêr’t de keunsteneresse op it stuit mei dwaande is. De nije film is in besykjen om wetter te bestudearjen yn ’e lokale kontekst mei help fan libben en aktiviteiten dy’t der mei ferbûn binne. De presintaasje einiget mei in boarrel by SYB.

As jo net oan de kuier meidwaan kinne, dan binne jo om 16.15 oere wolkom yn Keunsthûs SYB foar de ôfslutende boarrel.

Jo kinne jo oanmelde foar de presintaasje op snein 10 septimber fia dizze keppeling.

Wy sjogge út nei jo kommen nei SYB.

 

Programma Snein 10 septimber
14:00 Ynrin
14:15 Yntroduksje
14:45 Start kuiertocht
16:15 Weromkomst en ôfslutende boarrel
17:00 Ein

Praktyske ynfo:
De rûte fan de kuiertocht rint oer in kuierpaad. Kuierskuon binne net  perfoarst needsaaklik. Foar mear ynformaasje oer tagonklikens kinne jo kontakt opnimme fia
info@kunsthuissyb.nl