REGLEMINT FOAR DIELNIMMEN OAN SYBREN HELLINGA KEUNSTPRIIS 2022

Betingsten foar ynskriuwen & reglemint Sybren Hellinga Keunstpriis 2022

Dielname

  1. Troch jo yn te skriuwen geane jo akkoart mei alle betingsten foar ynskriuwen/it reglemint fan de Sybren Hellinga Keunstpriis 2022.
  2. Keunstners kinne allinnich dielnimme mei in folslein en goed ynfolle dielnimmersformulier.
  3. Keunstners kinne har opjaan foar de priis oant en mei moandei 8 augustus 2022 (oant en mei 23:59 oere).
  4. Keunstners kinne tingje nei de priis as hja tusken 1 juny 2017 en 15 july 2022 ôfstudearre binne oan in 1ste faze keunstoplieding.
  5. Autodidakten kinne ek dielnimme, mitsdat hja yn de perioade tusken 1 juny 2017 en 15 july 2022 úteinset binne as profesjoneel keunstner. Keunsthûs SYB beskôget autodidakten as profesjoneel keunstner as hja oan ’e hân fan harren CV of portfolio oantoane kinne dat harren praktyk net allinnich beheind is ta it meitsjen fan wurk, mar ek in ynteraksje mei it fjild bestiet, bygelyks troch it hâlden fan tentoanstellings, it jaan fan workshops, it meitsjen fan publikaasjes, ensfh.
  6. Keunstners wenje en wurkje yn Nederland (op it stuit fan ynskriuwen moat de keunstner ynskreaun stean op in Nederlânsk adres).
  7. Keunstners hawwe noch net earder in folweardige residinsje yn Keunsthûs SYB dien.
  8. Keunstners wurdt fersocht byldmateriaal fan inkelde wurken mei it ynskriuwen mei te stjoeren. (sjoch foar mear ynformaasje de taljochting)
  9. Foar it ynskriuwen kin allinnich gebrûk makke wurde fan it digitale ynskriuwformulier. Byldmateriaal mei allinnich digitaal oanlevere wurde, sammele yn 1 PDF. Foar it ynstjoeren fan film- of fideomateriaal mei in skeakel (link) nei in online bestân brûkt wurde.
  10. Fan de keunstners kin frege wurde om taljochting te jaan op harren wurk(proses) oan de sjuery of de leden fan SYB Circles.
  11. It bedrach fan 3000 euro is nei ûntfangst frij te besteegjen.

Opbou & Eksposysje

  1. Keunstners binne beskikber yn de opbouperioade fan 10 oant en mei 21 oktober 2022 om it wurk te ynstallearjen yn SYB en eventueel oan te passen oan de lokaasje. Dêr is in lyts wurkbudzjet foar beskikber.
  2. Fan keunstners wurdt ferwachte dat hja oanwêzich wêze sille ûnder de iepeningstiden fan de eksposysje om publyk te reden te stean en foar it meidwaan oan de talkshows. De eksposysje rint fan 22 oktober o/m 13 novimber en is elts wykein iepen fan 13:00 uur oant 17:00 oere.
  3. Byldmateriaal fan de wurken kin ynset wurde foar promoasjonele doelen.

Foar fragen oer de betingsten en it reglemint kinne jo kontakt opnimme mei Gisanne Hendriks troch in e-mail te stjoeren nei info@kunsthuissyb.nl.