26 April 2019

SYB presentearret: SYB Circles

kick-off

Foto: uit 'Drach', van Josje Hattink (2017). Haar project werd beschreven in de tekst 'Wie niet weg is wordt gezien' door Alix de Massiac (Schrijversprogramma 2017/2018)

SYB Circles is it nije program foar jonge keunstners, skriuwers en akademisy dy’t ûndersykje wolle hokfoar foarms keunstkrityk en –skôging noch mear oannimme kinne. Circles is in ferdjipjende fuortsetting fan it yn 2012 úteinsette Skriuwersprogram Schrijversprogramma fan SYB, dêr’t jonge skriuwers mei essees yn reagearren en reflektearren op it wurk dat yn de residinsjes produsearre waard. De nije kritisy sille foarsteld wurde by it lansearjen fan Circles op freed 26 april, folge troch in lêzing en workshop yn Keunsthûs SYB.

Yn SYB Circles eksperimintearje keunstners en makkers mei oare media as krityske teksten om ta in refleksje op in keunstprojekt te kommen. Dy nije skôgingen kinne de foarm oannimme fan podcasts, dialogen, lês- en diskusjegroepen of live events. Sa ûndersiket SYB hokfoar rol ûnderskate nije media spylje kinne yn it domein fan de keunstkrityk.

Sûnt 2012 hat Keunsthûs SYB in Skriuwersprogram dêr’t skriuwers en kritisy yn reagearren en reflekctearren op it wurk dat yn de residinsjes produsearre waard. In protte âld-dielnimmers oan it skriuwersprogram, skriuwe ûnderwilens foar lanlike keunsttydskriften en kranten lykas Metropolis M en De Volkskrant. Ek de nije leden fan SYB Circles wurde elk oan in residinsje-projekt keppele, en sille it petear oangean mei de keunstner om sadwaande ta in nije (foarm fan) skôgjen te kommen. Krityk yn de breedste sin fan it wurd helpt in keunstner foarút, fergruttet it ynsjoch yn it eigen wurk, daget út en inspirearret. Kritisy, koartsein, kreëarje kontekst. Mei SYB Circles ferkent Keunsthûs SYB mooglike foarms foar nije keunstkrityk sûnder dêrby de rol fan de kritikus út it each te ferliezen. De resultaten fan SYB Circles wurde dield mei it publyk fia it webstek en oare digitale kanalen fan SYB.

SYB Circles wurdt lansearre op freed 26 april mei in lêzing oer de rol fan de keunstkrityk troch Gert Wijlage, inisjator fan it keunstinisjatyf DeFKa, Departemint foar Filosofy en Keunst yn Assen. Wijlage studearre  keunstskiednis, archeology, sosjiale filosofy en kultuerkrityk oan de Universiteit fan Amsterdam en wie belutsen by ferskate keunstnersinisjativen lykas W139, Aorta en Makkom (Amsterdam). Hy wurke as publisist, útjouwer, autodidakt filmer en gearstaller fan tentoanstellingen.

Dêrnei kinne besikers dielnimme oan in “kollektive skôgings-sesje” yn Edit This Post, in workshop fersoarge troch Lisa Reinheimer fan it Domein foar Keunstkrityk. Edit This Post is in online platfoarm foar kollaboratyf skriuwen. Besikers fan in kultureel barren kinne mei-inoar reflektearje op wat hja ûnderfûn hawwe. Allegearre wurkje se oan itselde tekstbestân en it skriuwproses is streekrjocht te folgjen op it webstek. Edit This Post is in idee fan Template Studio yn gearwurking mei Domein voor Kunstkritiek en Institute of Network Cultures en waard mei mooglik makke troch Moving Futures, Mondriaan Fonds en Fonds Podiumkunsten.

Datum: Freed 26 april, fan 14:00 – 18:00 oere
meidwaan: fergees, oanmelde op info@kunsthuissyb.nl
Maksimum oantal dielnimmers: 25
Fiertaal: Nederlânsk