Winnie Herbstein
Keunsthûs Syb ferwolkommet keunstner Winnie Herbstein yn Beetstersweach! Fan 19 maaie 2025 ôf, begjint Herbstein oan it earste part fan har ûndersyksresidinsje foar it projekt Domestic Acts: Fills the room like sea slit back. De residinsje sil liede ta tentoanstellings yn Keunsthûs SYB en it Casco Art Institute yn Utert yn 2026.
Herbstein ûndersiket alternative foarmen fan húsmanjen, en rjochtet har benammen op hoe’t minsken tsjin dominante struktueren oangeande eigendom en húslik libben yn ferset komme. Yn Fryslân sil se yn lokale argiven sneupe om histoaryske wizen fan kollektyf wenjen út in lanlik perspektyf wei te ûndersykjen. Se sil ek prate mei ynwenners dy’t ûnderfining hawwe mei it wenjen yn en it organisearjen fan alternative wenfoarmen yn Súdeast-Fryslân.
Winnie Herbstein (1989, Londen) is keunstner en sineast. Herbstein studearre boukunde en is ien fan de oprjochters fan Slaghammers, in frouljus-, trans- en non-binêre metaalwurkpleats festige yn Glasgow. Se is op ’t stuit ‘fellow’ by Framer Framed en de Universiteit van Amsterdam en wie residint oan de Rijksakademie van Beeldende Kunsten (2021-2023). Har wurk is ûnder oare tentoansteld by Arcadia Missa, Londen, Centre for Contemporary Arts, Glasgow en Künstlerhaus Dortmund.