10 o/m 13 September 2015
de 1e Triënnale van Beetsterzwaag
Keunsthûs SYB presentearret yn ‘e neisimmer de earste edysje fan in om de trije jier weromkommend festival foar byldzjende keunst: de Triënnale fan Beetstersweach. Op tsien histoaryske lokaasjes kinne jo fjouwer dagen lang sjen nei keunst, live performances, meidwaan oan aktiviteiten, harkje nei lêzingen en muzyk, keunstners moetsje, kuierje, en fansels lekker ite en drinke, […]
3 August o/m 13 September 2015
Residency Rieke Vos, Kasper Jacobs, Ilke Gers, Frank Koolen, Eric Giraudet de Boudemange
No’t de ein fan july yn ’t sicht komt, komt de toergekte sa njonkenlytsen op har hichtepunt. Sponsors, dopingplysje, de sport(fyts)parse en poadiumfamkes komme machtich as de miggen op de swittende hurdfytsers ôf. Op ’e hakken folge troch de taskôgers. Sport ferieniget. Mar troch de fiergeande professionalisearring, kommersialisearring en mondalisearring fan grutte eveneminten lykas de […]
28 o/m 28 June 2015
Recensie door Anne Marijn Voorhorst
CROSS SECTION OF A LANDSCAPE #2 – Yeb Wiersma & Miek Zwamborn Yn koarte broek krije wy de fuotten omheech. Seeklaai bliuwt ús oan ‘e skonken plakken, fan ‘e fuotten oant oan ‘e kûten. Ik hear ien praten, de wyn op ‘t Waad hat alle romte en swypket by de earen lâns. Nearne earder sa’n […]
15 May o/m 20 June 2015
Sjoerd Westbroek, Frans-Willem Korsten, Edward Clydesdale Thomson
Old Man [the sun] showed them the roots and the berries, and showed how to gather these, and certain times of the year they should peel the bark of some trees and eat it… (Grinell, G.B. 1913. Blackfeet Indian stories. C. Scribner’s Sons, New York.). De binnenkant fan de bast fan nuddelbeammen wie iuwenlang in […]
26 March o/m 7 May 2015
Residency Pieter Paul Pothoven
Orchidee uit de kas van Wim Kool. Wageningen. September 1981, Fotoarchief Familie Kool
Tink oan it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Hoefolle fan de bylden dy’t no yn dy opkomme, komme net út in Nederlânske film of út in tentoanstelling dy’tst ea sjoen hast yn ien fan de 25 nasjonale oarlochs- en fersetsmusea? In hiele generaasje is opgroeid mei bylden fan de oarloch en it ferset dy’t min […]
9 o/m 22 March 2015
Academie Minerva
Iepening: vrijdag 13 maart, 20:00 oere Eksposysje: 14-22 maart, 13:00-17:00 oere Foar it projekt Kuhntradictions, in oparbeidzjen mei Akademy Minerva, feroaret Keunsthûs SYB yn in laboratoarium fan tinseksperiminten en ûndersykje de studinten hoe’t abstrakte/konseptuele saken as startpunt tsjinje kinne foar it meitsjen fan wurk. Stel dat jo in kat yn in doaze stopje, jo dogge […]
15 November 2014 o/m 6 January 2015
Residency Marianna Liosi, Alessandra Saviotti
YN GEARWURKING MEI MARCEL DICKHAGE EN CATHLEEN SCHUSTER EINPRESINTAASJE: 20 DESIMBER It sinemamuseum yn Lyon is ûnderbrocht yn de âlde filmfabryk fan de bruorren Lumière, it DIA: Beacon yn New York hat in plakje yn in gebou dêr’t de etiketten foar koeketrompen printe waarden, WIELS sit yn in eardere bouwerij (brouwerij?) yn Brussel en Keunsthûs […]
10 October o/m 13 November 2014
Recensie door Vincent van Velsen
Wat sil der barre as jo twa keunstners byinoar bringe dy’t harren dwaande hâlde mei it snijflak tusken keunst en libben? Rumiko Hagiwara en Mounira al Solh ûndersochten yn de perioade fan harren residinsje de hjoeddeistige betsjutting fan loaiens. Sy bestudearren teksten oer dat ûnderwerp, sochten om wizen fan loaiwêzen en praten mei in protte […]
10 October o/m 13 November 2014
Residency Rumiko Hagiwara, Mounira Al Solh
“Seis dagen sille jo arbeidzje en al jo wurk dwaan.” Sa stiet it skreaun yn de tsien geboaden. Arbeidsetos ûndersskiedt de goeden van de omstippers, de pierewaaiers, de Taugenichts, de keunstners. “(…)Ik bin der grutsk op dat ik de loaiens fierd haw yn ‘e keunst.” skreau Marcel Duchamp, dêr’t er him fuort mei ôfsette tsjin […]
27 August o/m 8 October 2014
Recensie door Anne van Leeuwen
Alle planten hawwe in eigen lûd. In skuorrend blêd gnjirret jin tusken de fingers: it sêfte kreakjen fan de nerven, ôfwiksele mei it iepenspringen fan de fleizige selluloaze, jout in karakteristyk, suver noflik lûd. De mutilaasje fan planten is foar ús in feit. It is ûnderdiel fan in konstruksjeproses troch ferneatiging dat oan ‘e basis […]
27 August o/m 8 October 2014
Sara Bjarland, Christine Bax, Alexandra Duvekot
EINPRESINTAASJE 5 oktober 2014, 15.00 – 18.00 oere Kunsthuis SYB, Hoofdstraat 70, Beetstersweach Hja koene elkoar net, mar waarden troch Keunsthûs Syb yn Beetstersweach útnoege om tegearre te wurkje. Sara Bjarland en Alexandra Duvekot makken yn de ôfrûne wiken yn Syb in searje keunstwurken om it tema ‘jungle’. Sy lieten him dêrby ynspirearjen troch in […]