29 April o/m 14 May 2017

De beweging it pantser út

Resinsje troch Ananda Serné

Njonken in skulptuer sit in man. Hy spilet sello. It is sneontemiddei en de besikers fan de eksposysje The City as Canvas foarmje sykjend in rûntsje om de man en skulptuer hinne. Ut it trepsgat wei ferskynt in dûnseres dy’t de besikers ien foar ien mei-inoar ferbynt, se leit wifkjende hannen op frjemde skouders. De […]

5 June o/m 2 July 2017

Enough Rumours to Swing A Cat

Residency Alison Yip

Residential mural (sunken city style), Mount Pleasant, Vancouver 2014 by OK! Murals

Residency Alison Yip Yn de tiid fan har ferbliuw rjochtet Yip har omtinken op it 300 jier âlde bouwurk dêr’t Keunsthûs SYB yn festige is. It gebou is in ikoan wurden foar residinsjes en Yip sil mei troch harsels ûntwikkele metoaden foar muorreskilderingen en romtlike yntervinsjes, de ferhalen fan it 300 jier âlde gebou reflektearje […]

8 March o/m 30 April 2017

The city as Canvas

Residinsje Tiwánee van der Horst

Mei dyn eigen hannen in hûs bouwe: dat is faaks wol de ultime dream fan mannich ûntwerper, keunstner of arsjitekt. Mar tusken dyn eigen hannen en de bou fan in hûs, leit in lang trajekt dêr’t withoefolle fertaalslaggen makke wurde moatte. Automatysk komme gebouwen dêrtroch fier ôf te stean fan de inisjele, kreative ympuls: it […]

28 February 2017

Eleminten fan in apokalyps of evolúsje

Troch Anne Marijn Voorhorst

Op snein 19 febrewaris liedt Müge Yilmaz (1985, Istanbûl) ús, in groep fan benammen Friezen en Rânestedsjers, nei de bosk fan Beetstersweach. It is tsjuster en dridzich. De oardel moanne fan Yilmaz har residinsje sit derop. Sy hat har yn dy perioade benammen bûgd oer de performance dy’t wy daliks yn it tsjuster belibje sille. […]

24 February o/m 5 March 2017

24 oers residinsjes

Safira Taylor en Dima Bondarenko, Mylan Hoezen en Floor Schothorst, Adriaan Luteijn, Marin Hondebrink en Rosalynn van Hummel, Dalida Georgiou-Achmet, Eirik Jahnsen

Ook dit jaar organiseert SYB in samenwerking met het Sober and Lonely Institute for Contemporary Art (SLICA) een programma van ultrakorte, 24-uurs residencies. Studenten en kunstenaars die pas zijn afgestudeerd aan de Willem de Kooning Academie (Rotterdam), de Hogeschool voor Kunsten Utrecht en Academie Minerva (Groningen), konden in de afgelopen maanden een voorstel insturen voor een verblijf in het Kunsthuis van niet meer en niet minder dan één dag en één nacht.

8 o/m 12 February 2017

Gabber Nation 2.0: Edysje Rotterdam

Art Rotterdam Intersections

Feyenoord (1993) Drawing by Bobby Jacques

Keunsthûs SYB op Art Rotterdam Intersections 2017, 8 o/m 12 febrewaris yn de Van Nellefabryk. Keunstners: Henrike Naumann, Boris Postma, Merle Vorwald, Bastian Hagedorn, Johannes Büttner, Tea Palmelund, Ekaterina Burlyga. Kurator: Agnes Winter. Ofrûne simmer liet Keunsthûs SYB it stille, fredige Beetstersweach efkes wakker op ’e grûnfêsten skodzje mei in droanende presintaasje fan it projekt […]

17 January 2017

“Sa letterlik folget de praktyk it skript einliks nea”

door Menno Vuister

Oer it wurk fan Feiko Beckers Tekst: Menno Vuister Oersetting: Ed Knotter Somtiden bekrûpt my it gefoel dat de hjoeddeistige keunst de gewoane minske folslein kwytrekke is. In wêzentlik part fan de hjoeddeiske keunst is nammentlik ûntaarde yn in grimelgrammel fan keunstnerspraktiken dy’t typearre wurde troch in ekstreme ûngelikensens oan objekten dy’t sy opsmite. Boppedat […]

9 January o/m 17 February 2017

The City as Canvas

Kampanje Crowdfunding foar The City as Canvas

Kampanje Crowdfunding foar The City as Canvas, in projekt fan Tiwánee van der Horst, 8 maart t/m 30 april Jou in bydrage oan de bou fan in revolúsjonêre 3D-tekenmasine, jou de arsjitektuer in nije kreative ympuls en fergrutsje de fleksibiliteit en duorsumens fan ús bouwen! Stypje it projekt “The City as Canvas” fan Tiwánee van […]

8 January o/m 20 February 2017

The Concrete: The Mountain

Residency Müge Yilmaz

“The Concrete: The Mountain” In ghillie suit is in type kamûflaazjepak dat bedutsen is mei in wielderich bistefelvacht. It is ûntwurpen om de drager folslein opgean te litten yn syn omjouwing by de jacht of yn in oarlochssituaasje. De bêste ghillies binne mei de hân makke fan natuerlike materialen: blêden, twiichjes en moas foar in […]

17 December 2016

The Inevitable Others

Presintaasje Feiko Beckers

Wolkom oan ‘e lêste presintaasje fan The Inevitable Others fan Feiko Beckers op sneon, 17 desimber, fan 16.00 oere!

23 November 2016

toekenning Mondriaan Fonds

Nieuws

Keunsthûs SYB ûntfangt in bydrage fan it Mondriaan Fonds Keunsthûs SYB is ôfgrysliken bliid mei de bydrage fan it Mondriaan Fonds foar it program fan 2017 én 2018! It Mondriaan Fonds draacht by oan programs fan presintaasje-ynstellings omdat dy fan fitaal belang binne foar ûntjouwing en sichtberens binnen de byldzjende keunstsektor. SYB set him organisaasjebreed […]

7 November o/m 22 December 2016

THE INEVITABLE OTHERS

Residency Feiko Beckers

De mislukkingen, het ongeluk en de gênante situaties die ontstaan in de interactie met de ander, staan centraal in het werk van Feiko Beckers. In zijn video’s en performances probeert hij grip te krijgen op situaties uit zijn eigen persoonlijke leven.

1 August o/m 25 September 2016

BURN SCAPE

Residency Helen Dowling

In jacht tropyske fisken. Se sjitte senuweftich trochinoar hinne ûnder it lûd fan in knapperjend fjurke. Dan trije fleurige tweintigers snoarkeljend yn in hurdrôze oseaan. Tuskentroch in opname fan it wetteroerflak út ‘e koele djipte wei mei dêrefter it grille sinneljocht en op ‘e soundtrack it flymjend tsjirpjen fan sikaden. Helen Dowling har The Burning […]

1 May o/m 12 June 2016

THE ELEMENTAL THAT FACES

Residency Jason Hendrik Hansma

Foar dy, op ‘e grûn, leit in ding. Foar my, op ‘e grûn, leit itselde ding. Wy sjogge, fiele en tinke ferskillend as wy nei dat ding sjogge, mar wy binne it deroer iens dat it dêr leit: yn en foar himsels. Yn de ynteraksje mei dat ding dat foar ús fuotten leit, ûntdekke wy […]

28 March o/m 30 April 2016

INTERNATIONAL VILLAGE SHOP BEETSTERZWAAG

Residency Wapke Feenstra

Beetstersweach yn de International Village Shop yn Keunsthûs SYB. Wat soesto graach meinimme wolle út Fryslân asto op besite giest by in boerehúshâlding yn, sis mar ris wat: Vladivostok? Fryske Dúmkes! Ja dy binne bysûnder, mar dy ferpakking is sa âldfrinzich! Is der net wat hippers? Faaks wat Frysk dat better by wodka past? Hoe […]

10 o/m 14 February 2016

mano y mano

Tentoonstelling Art Rotterdam Intersections 2016

Op de keunstbeurs wurdt net hantsjebakt oer de priis fan in keunstwurk. Wat jo al sjogge binne hannen dy’t mei ynmoed fûstkje, hannen dy’t skouderklopkes jouwe en hannen dy’t achteleas delflijd wurde op in skouder by it tútsjen. En hiel inkeldris kinne jo hannen betraapje op it stevich fûstkjen om de keap te bekrêftigjen. De […]

19 December 2015 o/m 30 January 2016

THE REGISTRY OF PSEUDONYMS

Residency Riet Wijnen

“Onlangs bereikte mij langs omwegen het bericht dat de heer John Ravenswood, wonende op het eiland Quelpart, was overleden.” skriuwt J.J. Slauerhoff yn it foaropwurd fan Ravenswood syn dichtbondel Oost-Azië. De auteur, giet Slauerhoff fierder, desertearre fan in walfiskfarder en kaam telâne op in eilân yn de Strjitte fan Korea. Bang om syn ferbliuwplak priis […]

26 October o/m 5 December 2015

GRINNING MACHINES and a CLOSEMOUTHED GROWL

Residency Toon Fibbe, Laura Wiedijk

Yn it parallelle, digitale universum dat it ynternet is, bestiet in subkultuer fan minsken dy’t har yn har djipste ynderlik gjin minske fiele, mar bist of mytysk wêzen. Sy drage de siel fan bygelyks in wolf, in foks, in kat, in elf, in fampier, in ingel of in demon en komme benammen gear op ynternetfora. […]