22 August o/m 9 October 2022

Steven Jouwersma: Je vergeet jezelf nog eens

Residinsje

Steven Jouwersma, cactushands study, 35 x 36 cm, acrylic on wood panel

Keunsthûs SYB ferwolkommet Steven Jouwersma fan 22 augustus o.e.m. 9 oktober 2022 as residint.

Yn de perioade fan syn residinsje wurket er oan syn nij projekt mei de wurktitel “Je vergeet jezelf nog eens” (Soest dysels nochris ferjitte). Yn it projekt eksperimintearret Steven mei nije objekten en skilderijen om it konsept fan de snoezelromte hinne. De term is in gearfoeging fan de tiidwurden yn it Hollânsk *) “snuffelen” (ûndersykje en ûntdekke) en “doezelen” (ûntspanne)[1]. Sokke romten befine har yn soarchynstellings foar minsken mei in geastlike en/of lichaamlike beheining en binne derfoar ornearre om minsken ta rêst te bringen troch it prikeljen fan de sintugen yn in ûntspannende omjouwing.

Neffens Jouwersma is in keunstromte yn de ôfrûne desennia hieltyd mear in snoezelromte wurden. “Tink mar oan ynstallaasjes fan Pipilotti Rist of Melanie Bonajo dêr’t de besiker lizzend en hingjend in lûd of fideo-ynstallaasjes yn belibbet”. It ûnderskied tusken dy soarch- en keunstromten besiket Steven mei syn projekt aktyf te ferjitten en dêrby ek it ûnderskied tusken keunstsjogger en soarchpasjint.

Steven sil yn syn wurkperioade ferskate lokale snoezelromten en harren brûkers opsykje en it projekt út dy ûnderfinings wei fierder ûntwikkelje. Syn ynteresse leit yn it sintúchlik belibjen dat tinzen nei de eftergrûn ferskowen docht. De snoezelromte is ûnderdiel fan de wenstige behannelings foar neurotypyske minsken. Steven is sels opgroeid mei in autistyske broer en ken de snoezelromten al sûnt syn bernetiid. “Do soest dysels nochris ferjitte” is in útspraak fan syn mem dy’t Steven graach beanderet mei: “Ast dysels ferjitst, wurdst it universum.”

Keunsthûs SYB is yn de perioade fan Steven syn residinsje iepen op sneon en snein fan 13:00 – 17:00 oere. De residinsje wurdt ôfsletten mei in tentoanstelling fan freed 7 o.e.m. snein 9 oktober 2022.

*) It Frysk hat it tiidwurd “snuffelje” yn deselde betsjutting as it Hollânske “snuffelen”, mar it Fryske “doezelje” is net ekwivalint oan it Hollânske “doezelen”. It aspekt fan ‘ûntspanne’ soe it bêst mei dodzje, slomje oantsjut wurde kinne.

Oer de keunstner

Steven studearre ôf fan de oplieding Interactive Media Environments oan it Frank Mohr Institute yn Grins (2007). Hy hat yn syn wurk mannich kear gebrûk makke fan lûd om in nije, oare of ûnferwachte sosjale omjouwing te skeppen. Troch syn yntervinsjes, gauris mei in útgongspunt dat basearre is op muzyk of klank, wurde de belutsenen oanfitere om har ta inoar te ferhâlden. Troch in ynteraksje oan te gean mei bygelyks klanken of belutsen groepen wurdt der wer in nije yntervinsje of aksje oproppen en sa ûtstiet eins in (rige) wurk(en) dat/dy’t in eigen wrâld of setting oproppe.

Nei in lange ûnderbrekking is Steven sûnt de pandemy ek wer folop oan it skilderjen. Under it meitsjen fan skulptueren en ynstallaasjes dokumintearret er it kreaasjeproses troch yn it atelier of de keunstromte te skilderjen.

Steven wennet en wurket yn Brussel.

It projekt is mooglik makke troch: